fan drugsferslaafde nei sûnens-coach

Gast Reinder Postma: fan drugsferslaafde nei sûnens-coach.
Ald-Drachtster Reinder Postma wie jierrenlang ferslaafd oan weed. In pear jier lyn hat er syn libben folslein omgoaid: hy kickte ôf en folge in oplieding ta personal coach. No hat er yn Amsterdam in goedrinnende studio, dêr’t minsken traine kinne en advys krije op it mêd fan sûnens en iten. Hy hat ek syn eigen metoade ûntwikkele om in sûner, fitter en lokkiger minsk te wurden: ‘de routinemethode’. In petear mei Reinder Postma oer dy opmerklike feroaring, werby’t er earst fertelt hoe’t syn libben as ferslaafde der útseach.
Mear ynformaasje op syn webside: http://www.deroutinemethode.nl/